skip to Main Content

Wow! Mear as 100 tosken?

In file op it wetter, better kin it net as jo mei de jeugdfûgelwacht te snoekfiskjen gean. Bij de nije trailerhelling leine 15 boatsjes klear, mei noch mear fiskermannen. Yn elke boat ien bern en yn in inkele boat twa bern. It doel fan dizze middei is om de natoer te belibjen, mei de jeugd nei bûten ta. No as der sa’n grutte snoekebek foar de noas hinget, mei syn yndrukwekkende rige tosken, dan is ien ding dúdlik: De natoer wurdt belibbe!

De iene fiskerman hat in ienfâldige boat dy nea stikken gean sil. Wylst de oare fiskerman in boat hat mei sa folle nijmoaderigheden der op, dat kin foar de bern ek nea wer stikken. It makket de snoek neat út, hy byt yn wat der loans him komt. Watze Anne Postma wie de man dy de grutste snoek út it wetter helle, 85 sentimeter skjin oan de haak. Hjirmei wûn hy in grut fisknet, hjirmei kin hy noch in soad fisken op de wâl helje. Melle Terpstra syn middei koe al net mear stikken, op paad met Tamme Smit fan VisTV en fan in soad Vlogs op Youtube. Hy pakte ek noch de twadde priis mei in dikke snoek fan 82 sm. Niek de Haan hie de tredde priis, 81 sm en wûn in tange om de haak der út te heljen.

It moaie is dat der jier op jier in soad fiskermannen en bern sin ha om mei te gean, Andries Wiersma dy mei nocht de karre lûkt. Elts jier sit de boaten fol mei bern en is it in “tomke omheech” yn de appgroep as je as fiskerman helpe wolle. Dat soarget der foar dat it elts jier in súkses is, we passe oanslutend dan ek goed op de fiskermannen. In drankje, in hapke fan “Lekker Ite mei Nanne” en sterke ferhalen oer wa’t no de ‘grutste’ hat. En wês earlik der is neat moaier dan nei al dat lekkere waarme iten, sjips en nútsjes, oan it ein fan de dei noch steads fingers te hawwen dy’t nei Snoek rûke…

Foto album

Back To Top