skip to Main Content
It Giet Oan! Snoekfiskjen 2021

It giet oan! Snoekfiskjen 2021

Sneon 2 oktober om 12.00 oere sil der genôch boatsjes klear lizze om mei in groep bern te gean fiskjen. Dit jier starte we net yn de Haven, mar bij de trailerhelling oan De Lange Baan. Yn elke boat sit ien bern mei in folwoeksene. De oanmelding giet op oarde fan oanmelding en dat kin bij Andries Wiersma, syn e-mail stiet op de poster. De kosten binne 4 euro foar per bern, foar dy priis kin de bern ek fuort lid wurde fan de jeugdfugelwacht. Fol is fol, dus as jimme mei wolle dan moat jimme der bij wêze!

Want it soe dochs leuk wêze asto in dikke snoek, as snoekbears, fangst en dat dyn namme yn de beker komt te stean?

Back To Top