In ’twake’ fynt in trijeke!
Op in stik lân fan boer Bakker yn de Súdhoeke, ha Ylse en Linde de Boer 24 maart it earste jeugdaai fan Fûgelwacht Wommels e.o. fûn. Tusken de rûge dong lei dit prachtich nêst mei trije ljipaaien. Gerrit Flissijn moast se efkes op it goeie spoar sette, mar doe koene se der ek net mear om hinne: ‘In twake fynt in trijeke’!