skip to Main Content
In (berch)eintsje Om

In (berch)eintsje om

Sa mar op in snein, midden yn’t doarp rint der in berchein mei pykjes troch it doarp. Jeugdlid Rutmer Jesse Joustra seach de berchein mei pykjes by de fiver fan skoalle weikommen. Dat in berchein in eintsje om giet yn’t doarp komt net sa faak foar. Goed sjoen en best bisûnder dus!

In berchein bried it leaust yn in hol, as donkere romte. Dat kin yn in doarp ûnder in âld hok wêze, in bulte mei rûchte, as ûnder in flonder. Meastal ha se wol mear as tsien pykjes, de berchein op’t Swingoerd is der dus helaas al in pear kwytrakke.

Back To Top