skip to Main Content
Fan Wetter Wurdt Alles Better!

Fan wetter wurdt alles better!

De ôfrûne dagen ha we yn de Súdhoeke en op Weakens in pear boeren frege oft se ek wetter op it lân sette wolle. Bij alle boeren wie dat sa mar klear, moai dat we mei syn allen sa op de greidefûgels passe. We ha no bij tijeboeren in lytse pomp stean, dy makket krek genôch wetter om in pear moaie plassen op it lân te krijen. Sels dizze lytse foarmen helpe al!

Foarbyld lytse pomp: https://www.youtube.com/watch?v=jG91yCebye8 

Ek wiene der boeren dy dit jier in plasdras pomp oanfrege ha, de subsydzje hjirfoar is noch net ta kint. Lokkich hat ANV de Greidhoeke leanbedriuw Okkema sa fier krigen om in mobile pomp ter beskikking te stellen. Op de beelden kin jim it ferskil sjen tusken it grutte en de lytse broerkes. Mar ek oare boeren stelle harren pomp beskikber oan kollega’s om wetter op it lân te krijen, sa moat we de fûgels mar wat helpe.

Foarbyld grutte pomp: https://www.youtube.com/watch?v=jG91yCebye8 

Hooplik soarget dit wetter der foar dat de skriezen, tsjirken en strânljippen gau begjinne mei it lizzen fan hun aaien!

 

Back To Top