Earste ljipaai 2020!
19 Maart 2020 giet de boeken yn as de dei dat Jan Weijer it earste ljipaai fan Fûgelwacht Wommels e.o. fûn hat. Yn ien fan de wiete stikken fan Murk Nijdam hie hy al in pear dagen in spantsje op it each. Sels as syn frou in rûntsje troch de Súdhoeke rûn krych sy al de opdracht om goed op de ljipkes te letten. Hjoed wie it dan sa fier tusken in oantal prachtich makke nêsten lei dit aai yn in simpel kûltsje. Jan, lokwinske! Knap fûn want it lei dreech ferstoppe, dyn namme komt yn de beker te stean. Hjir fyn jim de list mei de finers troch de jierren hinne.
Meastentiids gean we mei in groep jeugd ek it lân yn, fanwege de Corona doch we dat dit jier net.