skip to Main Content
Swellemourre Yn Gearwurking Fûgelwacht Easterein En Natuurmonumenten

Swellemourre yn gearwurking Fûgelwacht Easterein en Natuurmonumenten

Wat soe it moai wêze at we it kommende jier genietsje kinne fan de ierdsweltsjes dy harren nêsten ha yn de nije swellemuorre. Fanút de fûgelhut op Skrok is de muorre goed te sjen, jongerein sil we belûke mei edukaasjeaktiviteiten en de âlderein kin fanút de hut der fan genite. De fûgelwachten Wommels en Easterein ha yn gearwurking mei Natuurmonumenten in plan ûntwikkele. De fergunning is yntusken ofjûn, no bin we drok dwaande mei de finansjele dekking. We ha subsydzjeferstrekkers oanskreaun en oare ynstellings dy hjir miskyn budzjet foar he. Op de foto is it earste ûntwerp te sjen. We hâlde jim op de hichte!

Back To Top