skip to Main Content
Oer De Râne Fan De Tiid Sjen – De âlde Boeken Yn!

Oer de râne fan de tiid sjen – De âlde boeken yn!

Foarich jier bin der trije dames dwaande west om de âlde boeken digitalisearjen. Alle beskikbare jierferslagen en notulen fan de jierfergaderingen stean no op ús webside. Grutte tank giet út nei Janneke Posthumus en Hanneke Tiemersma út Wommels en Marry de Zwart út Snits. De âlde boeken lizze hast út elkoar. De krabbels, de fine letterkes by flagen net te lêzen. En it âlde frysk makke it noch in gruttere prestaazje!

Op in tiidline kin no elk weromsjen wat de oanlieding wie fan it oprjuchtsjen, de aksjes en reiskes dy der west binne en noch folle mear.  Sa komme we wer in stikje mear oer Wommels en omkriten te witten!

Yn de rin fan de kommende moannen sil dit fjirder oanfult wurde mei beskikbere foto’s, artikelen en de lêste ferslagen. Sa no en dan mar efkes sjen dus.

Klik hjir foar alle ferslagen fanôf 1946

 

 

Back To Top