skip to Main Content

Dikke Mik mei de strânljip

Al in pear wiken bin de meiwurkers fan De Mik yn de ban fan it libben fan “Henk en Truus”, in pearke strânljippen dy in nêst makke ha yn in blombak foar de doar.  Wat in gek plak!? Fan strânljippen is wol bekend dat se op frjemde plakken in nêst meitsje, mar sa direkt neist de yngong is wol ekstra bisûnder.

Om oanrin nei dit nêst te faorkommen ha we noch net earder in berjocht op de webside as Facebook pleatst, mar se binne goed yn de gaten hâlden. Tiisdei 22 juny binne de pykjes út it aai kommen, no rinne se rûn De Mik en de tún fan de buorlju. Dagelijks die postbode Tineke in kontrôlerûntsje en brocht mei regelmaat ferslach út oan de Fûgelwacht. No mar hope dat se grut wurde, oan de meiwurkers fan De Mik en de post sil dit net lizze ;-).

Foto album

Back To Top