skip to Main Content
Thumbs Up! It Earste Aai Fan De Jeugd Is Foar Hille

Thumbs up! It earste aai fan de jeugd is foar Hille

It hie net in soad skeelt, as Hille van der Valk wie gewoan de finer fan it earste aai fan Fûgelwacht Wommels. Ien dy nei it earste aai fan de wacht, hat Hille it earste ljipaai fan de jeugdfûgelwacht fûn. Hy treedt dermei yn de fuotstappen fan syn grutte sus dy it al earder ris fûn hat. Op it lân fan syn heit fûn hy dit moaie jintsje, knap hear!

Wy sille de beker oppoetse, de namme der yn sette en dan komt dizze in jier op de skoarstienmantel te stean bij de famylje Van der Valk yn de Súdhoeke.

Back To Top