skip to Main Content
As It Net Kin Sa As It Moat, Dan Moat It Mar Sa As It Kin!

As it net kin sa as it moat, dan moat it mar sa as it kin!

Nei in moaie neisoarchjûn mei in soad nêsten, wie de jûn ek minder moai omdat we ek in soad útfretten aaien fûnen. Oan de aaien koene we sjen dat dit it wurk wie fan grûnpredatoren, dan sitte der ôfdrukjes fan de tosken yn de aaiskaal. We witte dat der flakby in Stienmurd omspûket, dat jout in ‘klote’ gefoel. De nêsten en soms ek de folwoeksen fûgels bin dan ten deade opskreaun. Ut ûndersyk nei stienmurden die mei in GPS halsbân sindere binne, ha we leart dat se net gau troch wetter hinne gean. Boer Noordmans hat der in nacht (min) oer slipt en is moarnsier al yn de kraan stapt. De damen der út, no is it in eilân. No hope we dat de 8 skriezenêsten, twa slobeinen en ien as twa pear fan de tsjirk wer mear kâns ha om út te kommen. Wat in gouden aksje!

Back To Top