skip to Main Content
Moarnsier Is De Wrâld Op Syn Moaist

Moarnsier is de wrâld op syn moaist

It lân is noch wyt fan de ryp, it is kâld. De skries begjint pas op fjouwer aaien te brieden, sa dat de pykjes sa goed as tagelyk út it aai komme. Mar mei kâlde nachten bliuwe se ek op it nêst sitten as der mar ien as twa aaien lizze, se beskermje de aaien tsjin de froast. Mei de greidefûgeldrone sjoch we de fûgels sa fan 35 meter hichte al op it nêst sitten. We ferstoare net en ha it nêst fûn sûnder dat de fûgel der lêst fan hat. En we krije noch moaie bylden ek!

Back To Top