skip to Main Content
Wa Fynt It Earste Aai Fan 2018?

Wa fynt it earste aai fan 2018?

It earste aai fan de gemeente Súdwest is al fûn, no is it tiid foar ús Fûgelwacht om ek hjir it earste aai te finen. Wa sil it dit jier fine? It is in grutte ear om as finer fan it earste ljipaai yn de ere galerij opnommen te wurden. Op dizze side fine jim in oersjoch fan mear as 50 jier lang, de finers fan it earste ljipaai fan Fûgelwacht Wommels e.o..

Back To Top