skip to Main Content

Folkert Gaastra fynt it earste aai fan de jeugdfûgelwacht

In lytse tsien jeugdleden bin hjoed it lân yn west, Folkert fûn it earste trijeke fan de jeugdfûgelwacht. Oanslutend reinde it aaien, yn totaal trije trijekes, in twake en ek noch in jintsje. De trije folwoeksen aaisikers hiene muoite om de njoggen jonge aaisikers by te bliuwen, wat in enthûsjasme. No mar hope dat de aaien útkomme, de jeugd hat se goed beskerme.  Understeand in oantal foto’s en ek in filmke op ús facebookside!

Back To Top