Nije strânljip peallen plaatst
Yn de Súdhoeke en op Weakens binne de ôfrûne wiken in moai oantal nije strânljip peallen plaatst. Yn it ‘Bonte Pieten Kenniscentrum’ hat Jeep in moai ûntwerp makke. Op syn wurk yn Snits bin de bakken makke, sels hat Jeep de bakken ôfmakke sadat se op de peallen plaatst wurde kinne.
Foarige wike kaam it moaie berjocht dat Lankhorst Recycling út Snits 15 peallen oanbean hat, de wurkjouwer fan Pieter. Tige! Yn gearwurking mei boer Pier Jan bin der juster wer in oantal pleatst. As der mear plakken yn út wachtgebied geskikt binne, nim dan efkes kontakt op.