Sybren de Vlas-dei
Fûgelwacht Wommels e.o. hat tongersdei 13 maart in moaie bydrage levere oan de 1e Sybren de Vlasdei, organisearre troch Stichting Wommels. Yn in dei mei kulturele, sportive, timmeraktiviteiten, hat wy dat oanfalt mei natoer aktiviteiten. Mei begelieding fan âldere jongerein ha alle bern fan groep 5 o/m 8 in fûgelhúske timmere, yn en rûnom Wommels kin de moskjes en miezen no kieze út 140 nije húskes.
Twadde bydrage wie efkes mei de greidefûgeldrone fleane, in koarte útlis oer ‘aaisykje’ mei de drone en dernei mocht elk bern efkes fleane. Der is gjin bern dy dat net aardich fynt. Derneist is der fertelt oer de greidefûgels en mocht der efkes krûpt wurde mei hinnepykjes. In tige slagge dei, mei in grutte ynset fan in soad frijwilligers, tige!