skip to Main Content

Mei de jeugd te neisoargjen

Oplettte, konsintreare, oplette, foar dy sjen, oplette, konsintreare, oplette, ûnthâlde… In entûsjast groepke bern hat juster oan it neisoargjen west, twa broedsjes en in trijeke wie it moaie resultaat. Betûft aaisiker Jan Weijer lei moai út hoe je in nêst fine kinne.  It like wol skoalle, mar dan leuker! Set 14 juny mar fast yn de agenda, dan is de Fryske Jeugdfûgelwachtdei yn Frjentsjer.

Foto album

Back To Top