skip to Main Content

De swellecam stiet oan, der leit ek al wat yn

Heit en soan Valkema bin yn gearwurking mei Natuurmonumenten drok dwaande west om de Swellecam by de ierdswellewand op Skrok yn de loft te krijen. Nei hiel wat swit druppels is it slagge, de kamera draait, lof foar de hearen! Allinne ien probleem, de ierdswellen sitte rûnom yn de gatten te brieden, mar krek net yn de trije gatten wêr’t in bak efter sit mei de kamera der yn…

Fanút de subsydzje fan Stichting Wommels ha we dit realisearje kinnen. It plan wie ek dat we de skoallen hjir de ôfrûne moannen by belûke soene, dat is fanwege Corona net slagge. Dit skowe we in jier op nei 2021, ha we dan ek wer wat op de agenda stean.

Dat is fansels spitich dat der noch net in nêst by de swellecam sit, mar it jier is noch lang, want ierdswellen briede de simmer troch. It is yn elts gefal seker de muoite om fanút de fûgelhut op Skrok te sjen nei al dy ierdswellen dy yn de swellewand sitte te brieden!

Foto album

Back To Top