Fay fynt it earste aai fan de jeugd!
Sneon 29 maart, Fay Peeters op paad mei Gerard van Asselt. Ek dit aaike hie earst hiel wat meters nedich om de boeken yn te gean. Bestjoerslid Pieter Groenveld waard oproppen om Fay har aaike te kontroleren, fansels wie dit in goed aaike. Neidat har sus twa jier lyn it earste aai fûn, is Fay yn 2025 de lokkige.