skip to Main Content
Earste Aai Fûgelwacht Wommels Is Fûn Troch….

Earste aai Fûgelwacht Wommels is fûn troch….

Jan Weijer! 26 maart 2025 giet de boeken yn as it aaike dy lang op sich wachtsje liet. Twa wiken lyn like it der op dat it earste aai net lang op sich wachtsje liet, de ljippen tochten der oars oer. De kâlde nachten soargen de foar dat it earste aai pas in dikke tsien dagen letter kaam. Jan hie de ljip dat ek al langer op it each, hie der ek al faker om socht. No wie it der dan op in stik lân fan boer Harm Bouma, no echt! Jan, Lokwinske, in aaike wêr’sto al hiel wat meters foar makke hast.

Back To Top