Nije kuorren en strampels
Fan de stipe dy we krigen ha fan de Rabo Clubsupport aksje ha we nije strampels en einekuorren oanskaft. We bin ek dwaande west om sels kuorren te meitsjen, al bin dy noch krek net goed genôch om as ferfanging fan âlde kuorren te brûken. Jan W. en Jan F. ha de kuorren hjoed ophinge rûn Nij Stapert en de apparteminten oan de fiver.








