In nije drone!
Wy wolle as Fûgelwacht graach mei de tiid mei gean. As ien fan de earste wachten ha we mei de drone wurke, as ien fan de earsten wolle we ek graach in nij type oanskaffe. Mei tasizzingen fan Stichting Wommels, Wynmûne klup FKWWI en it Rabo Coörporatiefonds, bin we al moai op wei. Tige tank hjirfoar. Mar we bin der noch net, stypje jimme ús ek?

