Berjocht fan de spjocht (Diggelfjoer april 2021)
Foarich jier hie ik al in pear kear in lûd heard wat ik net rjocht thúsbringe koe. In timmerjend lûd op metaal, wat meardere kearen op in dei dei klonk. Nei in pear kear stil stean en omheech sjen foel it muntsje. Boppe op de (nije) hege lampen fan de tennisbaan siet in spjocht te roffeljen, dat wie it lûd wat oer it keatsfjild hinne galme. Dit wie de grutte eksterspjocht, de grote bonte specht.
Wêrom’t de spjocht dat docht?
De iene fûgel pronket mei syn fearren, de oare fûgel sjongt it heechste liet, wylst wer in oare sa moai mooglik fljocht. Allegearre ha se itselde doel, harren territoarium ferdigenje as ôfbakenje. De spjocht dy roffelet dus en troch it lûd lit hy witte wat syn ‘plakje is’. Foarich jier hie de spjocht syn nêst makke yn de moaie wylch op it tsjerkhôf, njonken Nij Walpert. Boppe yn de krún fan de beam binne de moaie rûne gatten noch dúdlik te sjen. Alle jierren siket dizze spjocht in nij plak om in nêst te meitsjen. Wêr soe hy dit jier komme?
Bestjoerslid Jan Eric Valkema makke dizze moaie foto
Wat moais yn de tún?
In grut part fan de Wommelsers dy binne op ‘t heden oan it thúswurkjen. It kin net misse dat jimme dan folle faker út it raam sjogge. Dan soene wy it leuk fine as wy wat leuke foto’s fan moaie fûgelmominten út it doarp krije. Dy kinne wy dan moai op www.vogelwachtwommels.nl sette en sa krije wy ek noch folle mear ynformaasje oer de fûgels yn en rûn Wommels. is it adres. Dus wa wit sit de spjocht dit jier by jo yn de tún, wy hearre it graach!
Ps. Ha jimme wol sjoen hoe moai oft de einen briede yn de kuorren by Nij Stapert?