De âlde jongerein genietsje fan nije einekuorren
Sneon 10 maart is it bestjoer fan Fûgelwacht Wommels dwaande west om in tsien einekuorren op te hingen rûnom Nij Stapert. Sa hat de âlderein fan Wommels hooplik in soad wille oan de âlder ein, at se mei lytse pykjes yn de sleat om swimme. At der wat oan de hân is mei ien fan de kuorren, dan kin jim kontakt mei ien fan de bestjoersleden opnimme. Op dizze side fine jimme mear ynfo en foto’s fan dizze foarjiersmiddei.