Earste ljipaai(en) fan 2019!
Sneon 16 maart komt yn de beker te stean en wol mei de namme fan Wiebe Jan Valkema. Yn’t lân fan Heeg, kubaard fûn hy dit moaie trijeke, in pronkje! Pas moandei te moarn waard dúdlik dat hy it earste aai fûn hie, ta syn grutte ferrassing. Op de jierfergadering, kommende tongersdei 21 maart om 19.45 oere yn ’t Reade Hynder, sil hy fuort de oarkonde en beker útrikt krije.