skip to Main Content
Rabo Clubsupport 2019, Wat Ha We Der Mei Dien?

Rabo Clubsupport 2019, wat ha we der mei dien?

Wy ha oanbean om it jild te jaan oan it meitsjen fan in krûdenrike râne by de nije Fûgelwyk, mar it giet net sa rap mei de oanlis. Foarich jier ha in soad minsken ús stipe mei de Clubsupport aksje fan de Rabobank holpen, hjir wiene we tige wiis mei! Om ús aksje, “Mear kleur, fleur en geur yn de Greide” kracht by te setten, ha we hjir foar kontakt socht mei ynwenners fan de Fûgelwyk en gemeente Súdwest. Oan de râne fan dizze wyk, rjochting Skrok leit no noch in stik grûn braak. It liket der op dat hjir in kuierpaad komt mei struken, blommen en wa wit noch mear. Wy ha oanbean dat wy it bedrach fan de dikke 900 euro besikber stelle foar blommensied. Mar de realisaazje hjir fan giet traach, hjir bale wy fan.

As de gemeente yn oktober noch net mei in konkreet plan en tiidspaad komt, dan gean we oer op plan B. Dan sil we sjen as we mei de bern fan de skoallen siid-bommen meitsjen en sil we sjen as der yn 2021 in eksploazje fan moaie blommen yn en om Wommels komme kin. Hoe dan ek, it jild krijt syn plak sa as we tasein ha!

 

Back To Top