skip to Main Content
Jierfergadering Fûgelwacht Wommels E.o.

Jierfergadering Fûgelwacht Wommels e.o.

Freed 20 maart is de jierfergadering fan ús Fûgelwacht, we begjinne om 20.00 oere yn it besikerssintrum fan it ANF, Slachte 4 te Wommels. Dat is op it hiem fan Murk Nijdam.

De gastsprekker fan dizze jûn is Harrie Bosma, de man dy alles wit fan de otter. Hy sil ús meinimme yn it ferhaal fan de opmars fan de otter troch de ôfrûne jierren. Ek yn de Greidhoeke sjoch we de otter mei regelmaat, op de dyk Boalsert – Ljouwert wurdt wolris ien deariden.

Taheakke fine jimme ek it jierferslach fan 2025 en de notulen fan de jiergearkomste 2025.

Uitnodiging jaarvergadering VW Wommels 2026

Jaarverslag Vogelwacht Wommels e.o. 2025

260321 Notulen jaarvergadering 2025

Back To Top