skip to Main Content
It Earste Aai Fan 2021!

It earste aai fan 2021!

In pear wiken lyn krych ik in appke fan Jeep Bakker, hy woe wol graach it aaisykjen wat mear leare. Dat is altyd in goed idee fansels! Fan’e moarn wer in appke fan Jeep “Is it earste aai al fûn?”. Dat wie noch net it gefal, mar ik stelde foar om in slachje te dwaan yn myn middeispauze, sa hat thúswurkje ek wer foardielen. Yn ien fan de stikken, wêr’t se rûge dong op ha en ekstra wiet hâlde mei pompkes, wie ien fan de pompkes stikken.  Sa hie ús missy twa doelen, in aaike en in pompke. We hienen de ljipnnen net helemaal te plak, mar op gefoel ha we in slachje makke. En dan komt der in nest mei in ljipaaike yn it sicht, dat is in gouden gefoel, in dikke high five (Corona-proof fansels) troch de mannen en efkes op de foto! Sa komme der dit jier twa nammen yn de beker: Jeep & Teade!

Hjir kinne jimme alle nammen en data fine fan de earste ljipaaien fanôf 1964.https://vogelwachtwommels.nl/eerste-kievitseieren/

Back To Top