Fan in boskje reit, nei in einekoer
It liket sa maklik, mar de erfaring leart oars. Yn twa jûnen in einekoar flechtsje wie it doel, foar in part is dat seker slagge. René van Dam en Simon Dijkstra ha as kursuslieders de groep stap foar stap meinommen. Mei in soad wille, sterke ferhalen en in borreltsje op syn tiid wie it noflik wurkjen. Oan de oare kant dripte it swit soms fan de rêch en wie de konsintraasje sa goed dat der gjin tiid en romte foar praat wie. René learde hoe we it mei izertried en Simon die it mei touw. It resultaat wie wikseljend, de iene like op in einekoer, de oare op in nêst foar de klyster en noch in oar hie in begjin makke foar it nêst fan in seeearne. We koene dit dwaan yn it besikerssintrum fan it ANF, de perfekte lokaasje, tank hjirfoar.
























