De earste pykjes!
Justerjûn kaam dit prachtich plaatsje binnen fan Folkert Gaastra. Op in stik maïs ûnder Kubaard wie twa wiken lyn in broedsje fûn. No bin de aaien útkommen en moat de pykjes sels op syk nei iten. As jimme it nêst goed besjogge dan sjoch jim lytse stikjes aai, de âlders meitsje de útkommen aaien yn lytse stikjes as se fleane mei de restanten fan it aai fuort. Dit doch se omdat de binnenkant fan it aai te folle opfalt, dat is wyt en hat gjin skutkleur. No hope dat de pykjes genôch fretten fine kinne en waarmte by de âlders krije om te oerlibjen.