Earste aai(en) 2018 fûn troch Jan Weijer
Ferskeidene aaisikers hiene al sjoen dat dizze ljip fanatyk efter de roek oan siet. Ofrûne sneon fûn Jan Weijer al in kapot aai, dat wie echt bale. Mar no lei der in prachtich twakem, rûn de klok fan fjouwer oere is it earste aai fan de Fûgelwacht fûn! Under de reek fan it doarp, yn it lân fan boer Jan Dijkstra, seach Jan de kleur fan de ljipaaien. De maitiid is los!