Earste aai fan de jeugd!
Sieta, Gerard wenje tegearre mei de bern Veerle en Fay noch mar in pear moannen yn Wommels, de ferve yn’t hús is amper drûch. Wol hie Veerle juster al tiid om mei Gerard it lân yn te gean, en mei súkses. Yn in nij krûdenryk ynsiedde stik fan boer Symen Bouma fûn se in moai jintsje, hjoed wie it sels al in twake wurden. Gerard wie dit kear net oan it guozze-aaien sykjen, mar woe wol al hast wer nei hús ta. Veerle stroffele op dat momint hast oer in giele stien. Wat lei der efter? Ja, it earste ljipaai fan de jeugd 2023!
Foar Veerle in sjokolade peaskehazze en foar Gerard in fûgel-bierke, in borreltsje en no op nei de neisoarch.