skip to Main Content
Startdatum Fan It 24-oere Projekt Bekind

Startdatum fan it 24-oere projekt bekind

It is no al wis dat Peaskesnein it 24-oere projekt starte sil om ús 75 jierrich jubileum te fieren. Boargemaste Jannewietske de Vries hat har meiwurking tasein oan de iepening. Fansels is it rûn Korona noch de fraach wêr’t de glêzen kontener komt te stean. We bin der wol oer út dat it sawiesa troch giet! Meardere boeren ha meiwurking tasein, we ha trije opsjes lizzen en yn de rin fan de kommende wiken sil dúdlik wurde wat de bêste opsje is. We hâlde jimme op de hichte!

De keunstkommisje, besteande út Rixt Walda, Janneke de Boer, Roos Strubbe, Grietje Deinum en Janneke de Boer – van den Elshout, bin al drok dwaande om de kontener yn te rjochtsjen. Ek sille sy projekten opsette mei Patyna, Nij Stapert en Talant, Tywerthiem. Gouden krêften, mei gouden ideeën.

Back To Top